Greidhoekekompetysje 16 maaie 2012 Mantgum

Hurde wyn en kjeld wiene it dekor foar de earste wedstriid yn de Greidhoekekompetysje. De kompetysje wurdt hâlden yn twa poules en Mantgum is dit jier yndield bij Easterein en Easterlittens. Eerst moast it opnommen wurde tsjin Easterein. De keatsers hiene der sin oan en wiene goed op de party tared.

Foar Mantgum kamen yn it fjild: Senioaren: Wilco Fopma, Jan Geert Nutma en Richard de Graaf Junioaren: Jehannes Muller, Jasper Visser en Sjoerd Lantinga Froulju: Baukje Stienstra, Joke Koldyk en Lyssa van der Ende De senioaren kamen it fjild yn mei in nij geheim wapen. Hja hiene nije wanten oerkomme litten út België. Grutte wanten mei in hurde nap. It wyt foar de eagen en in protte lûd fan Wilco soe harren nei de oerwinning slepe moatte. It die bliken, want it waard in spannende striid. Dochs wiene hja net opwoeksen tsjin Easterein en ferlearen mei 5-5 en 4-6. Jammer. De junioaren koene it ek net foarelkoar krije en ferlearen mei 2-5 en 2-6. De keatsers fan Easterein wiene krekt wat tûker. Men koe sjen dat de hurde wyn in protte ynfloed hie, want beide partijen hiene muoite it perk te finen. De froulju hiene it ek hiel dreech. Ek hjir wie de hurde wyn spulbrekker. De keatsters fan Easterein komme wykliks út yn de wedstiden fan de KNKB en dêr koe Mantgum net tsjin op. Ek hja ferlearen mei 2-5 en 2-6. Ein útslach Mantgum - Easterein: 0 - 3 Nei de lêste slach by de senioaren moasten ús keatsers it opnimme tsjin Easterlittens. Littens kaem fris en fruitig it fjild op en by Mantgum wiene de spieren al wat opstive. Der waard nogal wat frege fan de kondysje. Mar de kopkes gongen net del en wer waard der fûleindich tsjin it lytse baltsje oanhuft. De froulju hiene hun leske leard en gongen net wer it skip yn. Under oanfiering fan nestor Joke waard der in ekstra skepke by op dien en dat die fertuten. Mantgum wûn mei 5-0 en 6-6. De senoaren en junioaren diene noch tige harren bêst mar wiene net opwoeksen tsjin it keatsgeweld fan de Littensers. De junioren ferlearen mei 0-5 en 2-6 en de senioren mei 1-5 en 2-6. Einútslach Mantgum Easterlittens: 1 - 2 De folgende wedstriid is nije wike yn Easterein. Easterein keatst dêr earst tsjin Easterlittens om 18.30 oere en Mantgum komt dêrnei oan bar. Net tsjinsteande it ferlies wie it wer in tige slagge jûn en we sjogge út nei de folgende wedstriid. J.N.

Geplaatst op 18 May 2012